In een eerder blog heb ik hier ook al eens over geschreven, lijkt mij toch ook wel iets voor de firma Tresoar.
Bron: website Omrop Fryslan
De earste byienkomst fan 'e ynternet Academy Noord yn WTC Expo yn Ljouwert luts woansdei in soad publyk. David Nieborg, social media-adviseur fan Barack Obama, wie de meast opfallende sprekker. Nieborg wie nau belutsen by de demokratyske ferkiezingskampanje fan Obama.
Academy Noord is in inisjatyf fan in pear Fryske IT-bedriuwen. Leden kinne in 'stoel' keapje foar in lytse 500 euro en dêrfoar meidwaan oan seminars en workshops yn Gameship Ljouwert. Der binne oant no ta al 250 'seats' ferkocht oan beliedsmakkers en marketing- en kommunikaasjesaakkundigen út oerheid en bedriuwslibben. Social media, sa as Hyves en Twitter, wurde hieltyd populêrder by Fryske ûndernimmers.
Inmiddels hebben we een seat gekocht!
BeantwoordenVerwijderen